Vierhouten wint Súd-Fryslân

19 apr 2008 - 19:13
  • Sierk Jan De Haan bêste Fries
  • De winners fan De Ronde fan Súdfryslân (foto: Martin de Jong)

Aart Vierhouten hat sneon de Ronde fan Súd-Fryslân wûn. Nei 160 kilometer wie hy foar it Abe Lenstra stadion de rapste fan seis man yn de einsprint. De âld-prof út Hilversum kige Marco Bos fan Roden en Dennis Smit fan Zwanenburg njonken him op it poadium.

Sierk Jan de Haan fan Dokkum wie op it fiifde plak de bêste Fries. Germ van der Burg fan Nijlân waard achtste. Fan de 180 hurdfytsers hellen troch de hurde wyn mar 30 de einstreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)