Feanwâlden-ONT stillein

© Omrop Fryslân
De fuotbalwedstriid Feanwâlden-ONT yn de tredde klasse B is sân minuten foar de ein stillein. Skiedsrjochter Nijboer út Winschoten rûn yn de 83ste minút fan it fjild ôf. Hy die dêrnei de doar fan de klaaikeamer op 't slot, folle it wedstriidformulier yn en hy ferliet it sportpark.
Op it wedstriidformulier hat Nijboer ynfolle dat er him "yn syn eare oantaste fielde". De stân wie 3-1 foar koprinner ONT.