Gemeentehûs Menaam opknapt

Gemeenthûs Menaam offisjeel iepene
It âlde gemeentehûs fan Menaam is sneon offisjeel iepene. It monumintale gebou is foar ien miljoen euro opknapt. It gemeentehûs is boud yn 1843 en wurdt no brûkt foar trouwerijen en riedsgearkomsten.
De amtners fan 'e gemeente Menameradiel sitte yn it nije gemeentehûs, oan 'e oare kant fan 'e dyk. De ferbouwing hat mear as in heal jier duorre.