Nije ambulânsepost Ljouwert

Ambulânse Ljouwert earder teplak
Ynwenners fan Ljouwert hoege net lang mear op in ambulânse te wachtsjen. Om't der no in nije ambulânsepost by kommen is, duorret in gemiddelde rit net langer as 6,5 minút.
Sneon waard de nije útfalsbasis fan it UMCG oan de Oostergowei iepene. Dêr steane alle dagen trije sike-auto's klear foar Ljouwert en de direkte omjouwing. Ien fan de auto's is sa ynrjochte en sa grut dat alle pasjinten, spesjaal swangere forulje en dikke minsken, deryn kinne.