Asylsikers en Bilkerts op stap

19 apr 2008 - 15:20

Asylsikers en autochtoane Friezen libje noch hieltyd te faak by elkoar del. Fan yntegraasje komt sadwaande net folle. Dêrom wie sneon op It Bilt fan alles betocht om asylsikers en Bilkerts neier ta elkoar te bringen.

De asylsikers koene te farren op in pream, in besite bringe oan in bernebuorkerij, in museum of de bioskoop yn Ljouwert. Mear as de helte fan de 300 asylsikers makke sa'n útstapke. In 80 frijwilligers giene mei harren op paad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)