Alde knotlinde nei museum

© Omrop Fryslân
Iepenloftmuseum De Sûkerei yn Damwâld krijt der moandei in monumint by. It is in hûndert jier âlde knotlinde út Driezum dy't in nij plakje krijt foar in âld húske yn it museum.
De karakteristike buorkerijbeam stie fjouwer jier ferlyn yn 't paad en moast om. Dat gie in soad minsken lykwols te fier. De beam waard útgroeven en fjouwer jier lang op in stikje grûn fan de gemeente parkeard. Moandei krijt de knotlinde dus syn definitive plak.