Oppakt foar lûdsoerlêst

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn in Jouster fan 36 jier oppakt yn in wenning oan de Rode Molenstrjitte op 'e Jouwer. Der wie in melding ynkommen dat der in soad leven út de wenning kaam.
De bewenner wie al faker warskôge yn ferbân mei lûdsoerlêst. Doe't de plysje by it hûs oankaam stie de muzyk sa lûd, dat de apparatuer yn beslach nommen waard. De bewenner woe net meiwurkje en waard oanholden.