Foekje Dillema-seal yn Boerum

19 apr 2008 - 12:54

It doarpshûs fan Boerum krijt in Foekje Dillema-seal. It giet om in inisjatyf fan de reunykommisje fan it doarp. Boerum bestiet 600 jier. Om dat te fieren is der sneon in reunyfeest yn doarpshûs Toutenburg. Dêr wurdt dan in houten boerd ûntbleate mei dêrop de tekst 'Foekje Dillema zaal''.

Foekje Dillema wie jierrenlang liedster en bestjoerslid fan de gymnastykferiening DES yn Boerum. Trije leden fan dy gymnastykferiening sille freed it boerd ûntbleatsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)