Slachtebrêge nachts pleatst

© Omrop Fryslân
De dyk tusken Harns en Frjentsjer, de A31, wurdt sneontenacht ôfsletten foar alle ferkear. Dan wurdt de nije fuortgongersbrêge yn de Slachtedyk pleatst. De brêge is spesjaal makke foar de Slachtemaraton, dy't yn juny hâlden wurdt.
De brêge bestiet út 12 ûnderdielen dy't op lokaasje yn elkoar set wurde moatte. Mei acht frachtauto's wurde se nei har bestimming brocht. De brêge boppe de A31 is goed 92 meter lang.