Fermiste jonge wer terjochte

19 apr 2008 - 10:13
  • Leroy wie nei Rotterdam reizge

De sûnt tongersdeitemoarn fermiste 13- jierrige Leroy van Genderen út Marrum is wer terjochte. De spoarweiplysje trof him freedtenacht oan op in stasjon yn Rotterdam. It giet goed mei Leroy. Hy is sneon ophelle.

Leroy wie sûnt tongersdeitemoarn acht oere fermist. Hy wie op 'e fyts nei skoalle yn Ferwert gien, mar wie dêr noait oankaam. De âlders en de plysje begûnen fuortendalik in sykaksje. Dy einige freedtenacht dus yn Rotterdam. Leroy wie al faker fuortrûn fan hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)