'Trekkers moatte fan de dyk'

© Omrop Fryslân
Te brede trekkers en oare lânbou-weinen moatte fan de dyk ôf. Se soargje foar tefolle gefaar foar benammen fytsers. Dat stelle de steatefraksjes fan it CDA en de PvdA. Se hawwe it ûnderwerp earder al by deputearre Adema oankaarte. No freegje se dat ek oan de fraksjes yn de 31 Fryske gemeenten.
CDA en PvdA wolle sa de grutste knipepunten yn de provinsje yn kaart bringe. Der binne op dit stuit lânbou-weinen op 'e dyk fan 3,5 meter breed.