De Jouwer hat puzelmuseum

18 apr 2008 - 20:22

Fryslân hat sûnt tongersdei in wier puzelmuseum. It museum stiet op De Jouwer en is in initsjatyf fan Auke Reijenga út dat plak. It museum is unyk yn Nederlân.

Hy is in echte puzelgek en hat yn syn libben sa'n 50 tûzen puzzels sammele. Yn ien romte fan it museum binne 2000 puzels tentoansteld. Der is ek in plak dêr't bern sels puzelje kinne. In groep bern fan De Jouwer hat it puzelmuseum freed iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)