Foppe traint de Tibetanen net

18 apr 2008 - 18:00

Foppe de Haan jout kommende moandei gjin training oan it Tibetaanske fuotbalalvetal. Neffens de organisaasje is der te folle druk fan de media op it barren dat plak fine soe yn Langsweagen.

De training wie organisearre troch de Tibet Support Groep Nederland. It wie de bedoeling dat der in lyts tal fertsjintwurdigers fan de media by oanwêzich wêze soe. Mar dy belangstelling wie te grut. Dêrom jout Maarten de Jong no de training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)