Wenningneed yn Achtkarspelen

Riekele Heida, de direkteur fan de wenningstifting
De wenningstifting yn Achtkarspelen hat te meitsjen mei in eksplosive fraach nei hierwenten. De lêste jierren is de de wachtlist hieltiten in bytsje groeid, mar no giet it ynienen wol hiel fluch.
Allinnich al yn de earste 4 moannen fan dit jier binne binne der 90 wenningsykjenden bykommen. Meiïnoar hat de wenningstifting mar in lytse 3.000 hûzen, wylst der sa'n tûzen minsken op de wachtlist steane. De wenningstifting wol graach by bouwe.