Alvestêdebrevet Jan Uitham

18 apr 2008 - 09:27
  • Jan Uitham en Renier Paping yn 1963
  • Uitham mei de Alvestêdefoarsitters en Nijpels (foto Martin de Jong)

35 minsken ha tongersdei op de pleats fan Kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels yn Diken in Alvestêdebrevet krigen. Je krije in brevet allinnich as je de Alvestêdetocht op redens, op 'e fyts en kuierjend folbrocht ha.

By de minsken dy't in brevet krigen sieten trije froulju en ien hiel bekende Alvestêdefeteraan. Jan Uitham waard yn 1963 twadde op redens yn de dreechste Alvestêdetocht ea. Uitham betanke tongersdei de oare kuierders. Hy fynt kuierje dreger as reedride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)