Gjin preek yn Grutte Tsjerke?

© Omrop Fryslân
It is hielendal net útsletten dat de Grutte Tsjerke yn Ljouwert ôfstjitten wurdt troch de Protestantse Gemeente. Dat sei foarsitter Spies fan de Algemene Kerkenraad yn Brekking. Hjoed waard bekend dat de PKN yn Ljouwert 5 of 6 fan de 11 tsjerken ôfstjitte moat. Dêrby sil ek nei de Grutte Tsjerke sjoen wurde.
Dit mooglik âldste gebou fan Ljouwert, is hiel djoer yn ûnderhâld en eksploitaasje.