Fergees meidwaan oan Berenloop

De Berenloop (foto: Martin de Jong)
Flugge maratonrinners kinne dit jier fergees meidwaan oan de Berenloop fan Skylge. Froulju mei in tiid ûnder de 3 oeren en 15 minuten en manlju mei in tiid ûnder de 2 oeren en 45 minuten moatte dêrfoar harren tiden trochjaan.
De organisaasje soarget dan foar in startkaart en in boatkaartsje. Mei dizze aksje hopet men sawol de kwaliteit as it tal dielnimmers te ferheegjen.