Dammer Kolk ien nei lêste

17 apr 2008 - 17:09

Dammer Gerlof_Kolk út Ljouwert hat yn de 11e ronde fan it NK Damjen yn Emmeloard syn fjirde ferliespartij helle. Kolk moast belies jaan tsjin Ron_Heusdens. Troch de twa punten tsjin Kolk nimt dyselde Heusdens de lieding yn it NK. Gerlof_Kolk stiet mei 8 punten 13e en ien nei lêste.

Fries om útens Auke_Scholma spile hjoed remise en stiet mei 12 punten dield 3e. Der binne noch twa ronden te gean. It NK duorret oant sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)