Frjentsjer siket frijwilligers

17 apr 2008 - 16:01

Yn Frjentsjer binne se op syk nei 600 frijwilligers dy't op Keninginnedei in mozayk foarmje moatte op it Sjûkelân. Nynke Laverman sil mei in orkest sjonge foar de Keninginne en it mozayk foarmet it dekôr. De frijwilligers moatte 12 jier of âlder wêze en grutter as 1 meter 40.

Wa't meidwaan wol kin kontakt opnimme mei Teater de Koarnbeurs. It berjocht dat der in feest komt foar dizze frijwilligers, kloppet net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)