Gefaarlike spin yn Boalsert

17 apr 2008 - 12:40
  • Brazilian wandering spider

Meiwurkers fan de Jumbosupermerk yn Boalsert ha ferline wike gelok hân, dat se net oanfallen binne troch in libbensgefaarlike spin. Ien fan de meiwurkers fûn de spin tusken de bananen en hie him yn in potsje dien. Se hiene wol yn de gaten dat it gjin gewoane spin wie.

De spin is nei in diere-artsepraktyk brocht. Dêr waard ûntdutsen dat it om in gefaarlik eksimplaar giet, dat minsken oanfalle en deadzje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)