Gefaar wurkleazens: kriminelen

© Omrop Fryslân
Grutte wurkleasheid ûnder jongeren yn Ljouwert kin op termyn liede ta mear ûnfeiligens yn de haadstêd. Dat docht bliken út it ûndersyk Atlas voor Gemeenten. Dêryn wurde alle jierren de fyftich grutste gemeenten fan Nederlân ûndersocht.
Opfallend is dat yn Ljouwert de banen foar it gripen lizze, mar dat de jongeren se net fine troch mismanagment. Sy reitsje dêrtroch frustreard.