Oanriding mei fontein

17 apr 2008 - 10:21

In man út Hurdegaryp is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanhâlden om't er trochriden wie nei in oanriding. Plysjes seagen krasspoaren op 'e dyk. De spoaren begûnen by it Europaplein yn Ljouwert dêr't de fontein en it grien skansearre wiene.

De plysje hat dêrnei it spoar folge nei Hurdegaryp. Dêr fûnen se in auto mei stikkene bannen. De eigner fan de auto bekende en doe die ek bliken dat er tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)