Gefaarlike radiostudio yn Balk

16 apr 2008 - 23:15

De útstjoerings fan Radio_Gaasterlân kinne de kommende tiid net mear út de fêste studio boppe sosjaal-kultureel sintrum It_Haske yn Balk weikomme. Dat plak op de souder is libbensgefaarlik. By de ferbouwing die bliken dat de balken dy't de studio omheechhâlde bot trochbûgd binne.

Radio_Gaasterlân moat dêrom foar it earst yn tweintich jier útwike nei in oare lokaasje. Der wurdt besocht sneon wol útstjoere te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)