Skoallen tefreden oer Cedin

16 apr 2008 - 20:31

Fryske basisskoallen jouwe ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin in goede njoggen foar syn prestaasjes. Fierwei it grutste part fan de skoallen is wiis mei de gearwurking mei Cedin. In ûndersyksburo hat dat útfûn troch de skoallen fragen te stellen oer de tsjinstferliening.

Cedin advisearret en traint minsken yn it ûnderwiis. Dat kin gean om skoallen, mar ek berne-opfang en pjutteboartersplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)