Nij spanningsnet troch Fryslân

Netbehearder Tennet sil in nij heechspanningsnet oanlizze
Netbehearder Tennet sil in nij heechspanningsnet oanlizze dat foar in part troch Fryslân rint. It giet om in elektrisiteitsnet tusken de sintrales yn 'e Eemshaven en yn Lelystêd. Der wurdt 600 miljoen euro yn ynvestearre.
Der is hieltyd mear stroom nedich en dêrom hat dit nije net in kapasiteit fan 380.000 volt. De besteande netten hawwe in legere spanning.