Jirnsum krijt wer supermerk

© Omrop Fryslân
Wenningboukorporaasje Welkom hat de supermerk yn Jirnsum kocht. De winkel wie al in pear moanne ticht, mar sil ynkoarten wer iepen. Welkom ferhiert it oan Talant. Fiif minsken mei in ferstanlike handikap sille der wurkje.
Minister Vogelaar fan Folkshúsfesting brocht woansdei in besite oan de supermerk. Se kaam dêr om har te ynformearjen oer de situaasje fan de leechstân yn 'e doarpen Easterein, Aldeboarn, Akkrum en Jirnsum.