Boonstra hat bêste oranjekoeke

16 apr 2008 - 17:33

Op 'e Knipe binne de lekkerste stikjes oranjekoeke te krijen. Bakker Boonstra hie it hielendal net ferwachte, mar hy krige de titel 'Bêste Oranjekoekebakker fan Fryslân'.

Tolve bakkers strieden om dy titel. Ferline jier diene noch mear as tritich bakkers mei. Organisator fan it projekt, It Frysk Bakkersbûn, hopet mear jongerein foar it bakkersfak entûsjast te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)