Nij ûndersyk yn saak-Eastrum

16 apr 2008 - 16:12

Der komt nij ûndersyk yn de saak fan it famke (12) út Eastrum dat ein 2006 ferkrêfte waard. De advokaat fan de fertochte wol nij spoare-ûndersyk om't er hopet dat de fertochte útsletten wurde kin as dieder. Hy is al feroardield, mar hat altyd ûntkend.

De saak is yn heger berop al in pear kear útsteld, fanwege oanfoljend spoare-ûndersyk. It heger berop wurdt yn juny fierder behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)