Kuiper wol Sulejmani hâlde

16 apr 2008 - 14:46
  • Kuiper wol Sulejmani hâlde

SC_Hearrenfean hat spits Miralem Sulejmani in nij, ferbettere kontrakt oanbean oant 2013. Dat seit direkteur Yme_Kuiper. Yn fuotbalwykblêd VI seit Sulejmani dat er oan 'e ein fan it seizoen fuort wol by sportclub Hearrenfean, omdat de club him gjin nij kontrakt oanbean hat.

Der is in soad belangstelling foar de Serviër. Kuiper fynt it te betiid om him gean te litten en sil alle war dwaan om de spits te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)