Tichelaar fraksjefoarsitter ôf

16 apr 2008 - 14:20
  • Jacques Tichelaar yn syn wurkkeamer yn Den Haach (argyffoto)

Jacques Tichelaar fan Oranjewâld hat besletten dat hy net weromkomt as fraksjefoarsitter fan de Twadde-Keamerfraksje fan de PvdA. Tichelaar hat dat woansdei ferteld oan syn fraksjegenoaten.

Tichelaar moast begjint jannewaris in hertoperaasje ûndergean. Hy is no wer sûn. Hy sil op 1 juny wer oan it wurk gean as gewoan Keamerlid. De Keamerfraksje fan de PvdA sil no in nije fraksjefoarsitter kieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)