Fragen oer earflappen by kij

16 apr 2008 - 12:19

De PvdA stelt fragen yn it Europeesk Parlemint oer de problemen fan boeren dy't wegerje earflappen te brûken foar kij. It giet foaral om de koarting fan 20 prosint op de bedriuwstaslach fan de boeren. Dat wurdt dien om't de Europeeske Kommisje de útsûnderingsposysje fan dy boeren net akseptearret.

De Europarlemintariërs wolle fan de kommisje witte watfoar alternative wize fan registrearjen wol kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)