Nijbou Teatskehûs kin begjinne

© Omrop Fryslân
De bou fan it nije soarchsintrum yn Blauhûs kin begjinne. De gemeente hat de fergunning foar it nije Teatskehûs ôfjûn. It âlde Teatskehûs is al sloopt en dêrfoar yn it plak komt in nij gebou fan 8,5 miljoen euro.
It nije kompleks hat minder wenromte as it âlde, want dat soe better by de grutte fan it doarp passe. Blauhûs is it lytste doarp yn Fryslân mei in eigen soarchsintrum. Nije wike woansdei giet de bou fan start.