Sosjale tsjinst is net dúdlik

© Omrop Fryslân
De sosjale tsjinst yn Súdwest-Fryslân moat mear dúdlikheid jaan oer syn wurk. Dat fynt de FNV. De gemeenten dêr't de tsjinst foar wurket ha bepaalde gegevens net trochjûn foar in lanlik ûndersyk. No is net te sjen hoefolle jild de gemeenten útlûke foar minimabelied. It is ek net nei te gean hoefolle minsken in berop dogge op bysûndere bystân.
Foar it fakbûn is it sa dreech om foar minsken mei in útkearing op te kommen.