Teksel nedich by gearwurking

Galema ropt Teksel op mei de oare eilannen gear te wurkjen
De bestjoerskrêft fan de Waadeilannen komt yn gefaar as Teksel net meiwurket mei de oare eilannen. Dat seit deputearre Galema. De oare eilannen ha de stipe fan Teksel nedich om de mienskiplike bestjoerskrêft sterker te meitsjen. Teksel hat mear ynwenners as Flylân, Skylge, Skiermûntseach en Amelân by elkoar.
De provinsje docht in lêste berop op it kolleezje fan Teksel om mei te dwaan.