Stellen guod ambulânse werom

© Omrop Fryslân
In diel fan it stellen guod út in ambulânse yn Muntsjesyl is weromfûn. De telefoan en brânblusser waarden deselde deis al yn in plestik pûde by in ambulânsepost yn Bûtenpost fûn.
De ambulânse ried sneintenacht út om in frou mei hertklachten te helpen. Wylst de meiwurkers dwaande wiene, waarden in navigaasjeysteem, telefoan en brânblusser stellen. It guod dat weromfûn is, is op spoaren ûndersocht. De plysje docht neier ûndersyk.