Mear wettersport yn Ljouwert

Ljouwert wol mear wettersport
Ljouwert moat better berikber wurde foar boatsjefarders. Dat soe in sterke ympuls jaan oan de ekonomy yn de stêd. Gemeente en provinsje litte útsykje hoe't mear boatsjeminsken nei de stêd lokt wurde kinne.
In opsje soe wêze it wer beweechber meitsjen fan de brêge by it Beursplein. Ek wurdt besjoen oft der in steande mêstrûte makke wurde kin lâns de eastkant fan de stêd. Ein fan dit jier moat der mear bekend wêze.