'Weryndieling ûnûntkomber'

15 apr 2008 - 17:13

De ynwenners fan Gaasterlân-Sleat binne dúdlik foar gemeentlike weryndieling. Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat tiisdei presintearre is. Der is praat mei pleatslik belang, ûndernimmers en ynwenners.

De gemeente kin kieze út trije mooglikheden hoe't se it hawwe wolle. Yn grutte halen giet it om ien grutte plattelânsgemeente of in mear stêdlike fariant. It kolleezje wol it beslút oan 'e ried oerlitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)