Dochs net fûstkje mei Mandela

15 apr 2008 - 16:15

Douwe Helfrich fan Dronryp sil dochs net fûstkje mei Nelson Mandela. De sûnens fan Mandela lit dat net ta. De âld-presidint soe de hûnderste kontener mei skoalmeubilêr fan Helfrich yn ûntfangst nimme.

Nei in besite oan in township yn Port Elizabeth besleat Helfrich him yn te setten foar better ûnderwiis yn 'e earme wiken fan Súd-Afrika. De Nederlânske ambassadeur nimt de jubileumsending no yn ûntfangst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)