Sloopbedriuwen net feilich

15 apr 2008 - 15:43

De helte fan de sloopbedriuwen foldocht net oan 'e easken fan feiligens. By de sloop is der somtiden noch asbest oanwêzich of der wurdt wurke yn gefaarlike omstannichheden.

De Arbeidsynspeksje hat achttjin plakken yn Fryslân dêr't sloopt waard ûndersocht. Acht dêrfan wiene net feilich. Yn 'e measte gefallen wie it sa slim dat it wurk fuortendaliks stillein wurde moast. De bedriuwen hawwe tûzenen euro's boete krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)