Argewaasje oer HKR-tsjettels

15 apr 2008 - 13:18
  • 'Amtners It Amelân jouwe harsels thús enerzjysunige stooktsjettels'

Op It Amelân is argewaasje oer in proef mei HKR-tsjettels. Eneco hat seis enerzjyfreonlike tsjettels beskikber steld. Fjouwer dêrfan binne pleatst by amtners thús. Guon riedsfraksjes hie leaver sjoen dat se ûnder de eilanners ferdield wiene.

Eneco fynt it krekt goed dat amtners de tsjettels teste. It giet om prototypes mei bernesyktes. Der komme mooglik dissiplinêre maatregels tsjin de amtner dy't oer de tsjettels giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)