Oere Fryslân by France Culture

15 apr 2008 - 11:53

Radio France Culture stjoert tiisdei in programma fan in oere oer Fryslân en it Frysk út. It programma hjit 'Je frise, nous frisons' en giet oer 'in moaie mar fergetten taalkundige nuveraardichheid yn Noard-Europa'.

Yn it programma komme ûnder oare Durk Gorter en Vincent Boyer, in Frânsman yn Fryslân, oan it wurd. Ek hat France Culture in twatalige ferzje makke fan de Fryske rap 'Wacht op foarútgong' fan de Drachtster rappers Baas & Skep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)