Priis foar duorsume bedriuwen

De winner wurdt letter bekendmakke troch deputearre Piet Adema.
Fjouwer Fryske bedriuwen meitsje kâns op de Fryske Duorsumheidspriis 2007. It giet om Boersma Rekreaasje út Wytmarsum, Hartman út Seisbierrum, Hoekstra Suwâld en De Vries Trappen fan It Hearrenfean. De winner wurdt letter bekendmakke troch deputearre Piet Adema.
Tritich bedriuwen melden har oan foar de priis. Ferline jier wiene der fjouwer oanmeldings. De oerlanging is op 22 april op de Fleanbasis Ljouwert.