Folle mear Poalen oan it wurk

AB Fryslân moat hieltyd faker gebrûk meitsje fan Poalske meiwurkers.
Agrarysk útsjoerburo AB Fryslân moat hieltyd faker gebrûk meitsje fan Poalske meiwurkers. Yn Fryslân is it dreech om minsken te finen mei de goeie fakkennis en diploma's. Yn Poalen binne dy der noch wol.
No wurkje der goed 80 Poalen foar AB, oer twa jier binne dat der 300, ferwachtet it bedriuw. Om oan genôch meiwurkers te kommen sil AB op termyn faker gebrûk meitsje fan wurknimmers út Hongarije, Grikelân en Portugal.