Ferset tsjin mfc Westergeast

It protestboerd yn 'e greide by Westergeast
Fûgelleafhawwers út Westergeast fersette harren tsjin de bou fan in nij multifunksjoneel sintrum yn it doarp. Dat moat komme op in plak der't tsientallen greidefûgels briede.
De gemeente Kollumerlân hat in skoftlang de krekte lokaasje foar de nijbou geheim hâlden. Se moatte noch grûn oankeapje en wolle der net tefolle foar betelje. Dit wykein ha fûgelleafhawwers al in protestboerd op de mooglike boulokaasje delset.