Skylge: slagge Fjoertoer-kuier

Slagge Fjoertoer-kuier
Hast 1300 kuierders hawwe fan't wykein op Skylge meidien oan de earste edysje fan de Fjoertoer. In nij kuier- en nordicwalking evenemint dêr't Skylge toeristen yn it foarjier wat mei biede wol, want eveneminten as Oerol en de Berenloop lûke yn de simmer en it neijier in soad toeristen.
De kuier gie fan de Brandaris nei Aast (Easterein) en yn tsjuster oer dunen en strân wer werom nei West-Skylge. Beakens fan fjoer joegen de rûte oan.