Barakat giet nei Den Bosch

14 apr 2008 - 11:33
  • Adnan Barakat: foar twa jier nei Den Bosch

Cambuurspiler Adnan_Barakat spilet de kommende twa seizoenen by earste divyzjeclub FC_Den_Bosch. It kontrakt fan de 25-jierrige middenfjilder by Cambuur rint ôf. Cambuur krijt dus gjin transfersom foar Barakat.

Adnan_Barakat hat twa seizoenen spile by Cambuur. Yn de winter hat Cambuur him in nij kontrakt oanbean, mar Barakat is op dy oanbieding net yngien. Cambuur die him letter gjin bettere oanbieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)