City Jamfestival bedrige

Jazzfestival City Jam yn Ljouwert stiet faai fanwege de lûdsnoarmen.
Jazzfestival City Jam yn Ljouwert stiet faai fanwege de lûdsnoarmen. De horekabedriuwen dy't meidogge, moatte fan de gemeente ferplicht alle kearen in akoestysk ûndersyk útfiere litte.
Oars wurdt de oanfraach foar dielname oan City Jam net yn behanneling nommen. Troch alle regeljouwing wurdt it dreech it festival te organisearjen. De riedsfraksjes fan de PvdA en VVD hawwe fragen steld oan it kolleezje oer dizze kwestje.