Snits wint fan Enschede

13 apr 2008 - 17:29

Sneinshaadklasser Snits spile yn en tsjin Enschede. De Snitsers wûnen dit wichtige duel yn ferbân mei degradaasje mei 2-0. Yn in mear spannende dan bêste wedstriid, wiene Jacob Dirk Tuininga en Freerk de Jong de doelpuntemakkers foar Snits.

Snits hat no tweintich punten út 21 wedstriden. Takom wike spilet Snits wer in finale. De Snitsers moatte it dan opnimme tsjin Rheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)