Stellerij út ambulânse

13 apr 2008 - 14:54

De plysje ûndersiket dieverij út in ambulânse sneintemoarn om likernôch 04.45 oere op de Methardusstrjitte yn Muntsjesyl. Wylst ambulânsepersoniel dêr dwaande wie, waard út de ambulânse ûnder oare in telefoan en in navigaasjesysteem stellen.

Neffens it ambulânsepersoniel wiene der by de dieverij nei alle gedachten fjouwer jonge minsken belutsen. Se koene dêrfan fierder gjin sinjalemint jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)