Boat stellen op De Lemmer

© Omrop Fryslân
Yn de jachthaven oan de Fjoertoerwei op De Lemmer is dit wykein in boat stellen. In tsjûge seach freedtejûn in man yn de boat. It giet om in man fan 30 oant 35 jier mei koart swart hier en in smel gesicht.
In oare tsjûge hie de man earder sjoen yn in auto by de jachthaven. De plysje trof by it ûndersyk nei de stellerij de auto oan. Dizze hie in Dútsk kenteken en wie stellen. De plysje siket tsjûgen.